Zondagmiddag 28 september 2025, 15.00 – 17.00 uur

Trûbadoer en lietsjesboer Jaap Louwes fan Haulerwyk strúnt al sûnt healwei jierren 80 de Fryske poadia ôf mei selsmakke ferskes oer fan alles dat him dwaande hâldt…

Titels lykas ‘Famke’, ‘Ik doch’t moarn wol’, ‘Oeral gelyk’, ‘De Wâldwei’ en ‘Memmen by it stek’ binne by in soad leafhawwers bekind.

Louwes wie fan 1986 – 1992 sjonger by Bricquebec en wie letter ien fan ‘De Fjouwer Trûbadoers’.

Mei Bricquebec binne twa CD’s ferskynd: ‘Ik doch’t moarn wol!’ en ‘Lit ús mar rinne’. Mei de Trûbadoers kamen ‘D’r tuskenút’ en ‘De âlde púndyk bydèl’ út.

Solo binne d’r trije CD’s makke. De lêtste plaat is fan 2019: ‘Set ‘m op!’ mei meiwurking fan De Lossebinde en nûmers lykas ‘Spikerjack’ en ‘Memmen by it stek’.

Op 28 septimber sil Jaap solo optrede en neist de bekindere  ferskes ek grif en graach nije nûmers hearre litte!

€ 14, inclusief hapje en drankje

Javascript is vereist om dit formulier goed te laten werken