Zondag 18 januari 2026, 15.00 – 17.00 uur

 

‘Ald en (heal)wiis?

It ferstân komt mei de jierren, alteast dat wurdt der sein. Dus soenen wy it ek net dreech fine moatte om âld te wurden. Want hoe âlder hoe wizer dochs? Mar is dat wol sa, wurde je safolste wizer at je âlder wurde of meitsje je dochs meast wer deselde flaters? Boppedat, in oare siswize seit: ‘hoe âlder hoe gekker’.

Sjoch dêr de basis foar it nije teater-lietsjesprogramma fan sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra, in ‘Wâldpyk fol emoasje’. Mei de titel ‘Ald en (heal)wiis?’ As sântiger falt hy yn de kategory ‘âld’ al fielt hy himsels noch jong fan hert en holle. En ‘wiis …?’ Tsja, wat moatte je dêr no fan sizze? Mar út en troch yn alle gefallen noch wol wat ‘healwiis’.

It hat de ynspiraasje west foar in programma mei nije lietsjes, ferhalen, smeudige anekdoates mar ek mei bekend repertoire, de ‘hits’ út syn lange karrière. In programma dat hy yn in smûke setting bringe sil, tegearre mei freon en multi-ynstrumentalist Jan de Vries.

Entree € 14, inclusief consumptie

Javascript is vereist om dit formulier goed te laten werken